Dekker: "Frysktalige media-ynstelling wurdt fêstlein yn wet"

07 sep 2015 - 16:10

Fryslân hâldt in Frysktalige media-ynstelling. Dat wurdt wetlik regele, as it oan steatssekretaris Dekker fan mediasaken leit. Dat hat er de Twadde Keamer moandei witte litten. Dekker seit ek dat Omrop Fryslân as iennichste fan de trettjin regionale omroppen in eigen stjoerder hâldt. Tagelyk hâldt er fêst oan de besunigings op de regionale omrop.

Foar Omrop Fryslân betsjut dat dat der 1,4 miljoen euro koarte wurdt, wat sa'n fyftjin banen kostje sil. Wa't aanst baas is oer Omrop Fryslân, is noch net dúdlik, want de plannen foar klustering fan de omroppen moatte noch fierder útwurke wurde.

By Omrop Fryslân wurdt ferromme reagearre op it beslút fan Dekker en tagelyk binne se der net gerêst op, omdat de besunigings fan 1,4 miljoen wol trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)