Boereprotest yn Brussel rint út de hân

07 sep 2015 - 16:05

De boeredemonstraasje tsjin it Europeeske lânboubelied yn Brussel is moandei útrûn op reboelje. Boeren stutsen grutte striebalen yn 'e brân foar it gebou fan de Europeeske kommisje en bekûgelen de plysje mei aaien, apels en pakken molke.

De plysje sette twa wetterkannonnen en triengas yn tsjin de aksjefierders. De Belgyske plysje wie foar de aksjedei fersterke mei in 140 ME'ers út Nederlân. De boeren freegje yn Brussel om Europeeske stipe, omdat se sels de holle net boppe wetter hâlde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)