Foppe de Haan: Oranje moat de mouwen opstrûpe

07 sep 2015 - 12:59
  • Foppe de Haan

Ald-fuotbaltrainer en bûnscoach Foppe de Haan is helder yn syn analyze oer it teloarstellende optreden fan it Nederlânske alvetal: Wy bin net goed genôch en kompensearje dat net troch de mouwen ekstra op te strûpen.

De Haan, dy't nea in echte fan fan de saneamde Hollânske skoalle west hat, fynt ek dat dêr te lang oan fêsthâlden wurdt: efteryn eindeleas breidzje sûnder dat de beslissende einpass komt. Wat mear opportunisme soe dan net misstean, neffens De Haan.

It Nederlânske alvetal is troch it ferlies , earder tsjin Yslân en no tsjin Turkije, fuortsakke nei it fjirde plak fan de kwalifikaasje foar it EK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)