Siepie Zijlstra: "Behannelje flechtlingen as famylje"

07 sep 2015 - 12:30

Hieltyd mear Friezen jouwe oan dat sy thús flechtlingen opfange wolle. Fryslân hat dêr in lange tradysje yn. Ien fan de inisjatyfnimmers fan in wurkgroep foar flechtlingeopfang is Siepie Zijlstra út Drachten. Sels kin sy thús gjin flechtlingen mear opfange, mar hat dat wol jierren dien.

Wichtich is om de flechtlingen te behanneljen as famylje en goed te harkjen nei de minsken, dy't bytiden behoarlik traumatisearre binne. Zijlstra advisearret gastgesinnen dy't flechtlingen opfange wolle om de gasten foaral romte te jaan.

Zijlstra is bliid mei de tanommen animo ûnder de Friezen om flechtlingen te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)