Boeren op de barrikade yn Brussel

07 sep 2015 - 10:50
  • Boeren op de barrikade yn Brussel
  • Boereprotest yn Brussel yn septimber 2015
  • Albert Jan Maat fan LTO Nederlân

Sa'n seistûzen boeren mei twatûzen trekkers binne moandeitemoarn yn it sintrum fan Brussel foar de Europeeske boeredemonstraasje. De boeren - benammen bargeboeren en melkfeehâlders - fertsjinje te min om de holle boppe wetter te hâlden. Boeren moatte in earlike priis krije foar har produkten, fynt foarsitter Albert Jan Maat fan LTO-Nederlân. Maat fynt dat de opbringst fan de superheffing dêrom sa gau mooglik werom moat nei de boeren.

Moandeitemiddei begjint yn Brussel de ekstra lânboutop oer de problemen yn de lânbou.

It Europeesk parlemint praat tiisdei oer maatregels om de boeren yn Europa te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)