Tryater fiert 50-jierrich jubileum mei selsmakke taarten

07 sep 2015 - 08:40

Tryater dielt moandei 50 taarten út oan minsken dy't wichtich west hawwe yn de skiednis fan it toanielselskip, dat har 50-jierrich jubileum fiert. Neist de meiwurkers fan Tryater hawwe ek publyk, (keunst)ynstellingen, kollegaselskippen, sealen, foarstellingsorganisaasjes, polityk, sjoernalistyk en it bedriuwslibben in grutte rol spile yn de skiednis fan Tryater. De selsmakke taarten wurde benammen yn Fryslân útdield, mar ek yn de rest fan Nederlân en sels it bûtenlân.

It jubileum wurdt boppedat fiert mei de jubileumfoarstelling Grûn.

De jubileumfoarstelling Grûn spilet Tryater fan 27 oktober oant en mei 8 novimber yn De Lawei yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)