Man ferwûne by brân yn kantoar Stynsgea

07 sep 2015 - 06:12

In man is sneintejûn ferwûne rekke by in brân yn in kantoar oan It West yn Stynsgea. It slachtoffer besocht noch wat guod út it baarnende gebou te heljen, mar krige reek binnen. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De brânwacht hie it fjoed gau ûnder kontrôle. It kantoar rûn reekskea op. Nei alle gedachten is de brân feroarsake troch koartsluting.

Trefwurden: 
brân kantoar Stynsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)