Lionitasduo folbringt Transalpine Run

06 sep 2015 - 16:57
  • Jelle Coen Bijlsma en Anton Kingma

Trailrunners Jelle Coen Bijlsma en Anton Kingma hawwe mei sukses de Transalpine Run folbrocht. Acht dagen lang dienen de hurdrinners fan atletykferiening Lionitas mei oan de swierste trailrun-wedstriid fan de wrâld.

De Transalpine Run begûn yn Dútslân en rûn oer ûnferhurde berchpaden fia Eastenryk en Switserlân nei Italië. Elke dei moasten se yn sa'n rap mooglike tiid al klimmend en klauterjend 40 kilometer ôflizze. Dat diene de dielnimmers yn twatallen. It wie de earste kear dat Bijlsma en Kingma meidienen oan dizze wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)