Aris wint earste oefenwedstriid yn Grins

06 sep 2015 - 12:24
  • Aris Ljouwert
  • Aris

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn de earste oefenwedstriid tsjin Groene Uilen wûn mei 84-42. Yn Grins gong de striid yn it earste kwart lykop: 14-11. Foar rêst rûnen de Ljouwerters lykwols út nei in 40-20 foarsprong. Ek yn it tredde kwart wist Aris de marzje te behâlden en rûn yn it lêste kwart folslein oer de Groene Uilen hinne.

Javier Duren wie mei 18 punten de tûkste Aris-spiler.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)