Friezen suksesfol op jeugd NK fierljeppen yn Grypstsjerk

06 sep 2015 - 10:48
  • Spesjale skâns foar de jongerein

De Fryske fierljepjeugd hat him op it NK yn Grypstsjerk tige sterk sjen litten. By de jonges o/m 12 jier gie it goud nei Rutger Haanstra fan It Heidenskip. Hy gie yn 'e finale syn Hollânske konkurrinten foarby mei 10.31. Kenzo Hielema en Twan Kastelein pakten sulver en brûns.

By de famkes o/m 12 gie it noch better. De titel gie nei Pytrix Westra fan Burgum mei 9.51. It sulver wie foar regearjend Frysk kampioene Tirza Boschma út Drylts mei 9.38, en pleatslik favoryt Femke Rispens fan Grypstsjerk waard tredde mei 9.27.

De titels o/m 10 jier gienen beide nei Hollân. By de jonges wûn Roy Velis út Polsbroekerdam mei 8.95 en by de famkes wie Suzanna Mulder út Vlist de sterkste mei 7.70. Dêr wie sulver en brûns foar Lisse van der Knaap (7.66) en Manon Koehoorn (7.50) fan Drylts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)