Jochem Hoekstra wint Omloop fan de Trynwâlden

05 sep 2015 - 18:20
  • Racefyts

Hurdfytser Jochem Hoekstra út Haren is sneon winner wurden fan de 13e edysje fan de Omloop fan de Trynwâlden. Hoekstra wist mei Rick van Breda en Dennis Bakker te ûntsnappen yn de lêste ronde. De winner út Haren wie de beide oaren te fluch ôf en kaam úteinlik solo oer de einstreek. Bakker út De Rijp waard twadde, foar Van Breda út Den Helder, dy't as tredde einige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)