Kuorballers De Hoeve ferlieze fan DOS'46

05 sep 2015 - 18:01

De kuorballers fan De Hoeve gongen sneon mei 25-14 ûnderút tsjin DOS '46. Op eigen fjild begûn de ploech fan trainer Sake Koelma poerbêst en pakte fuortendaliks in 3-0 foarsprong. DOS '46 kaam lykwols rap werom en rûn by rêst út nei in 6-11 stân.

Yn de twadde helte rûnen de gasten út Nijeveen fierder út nei 8-16 en dêrmei wie de wedstriid spile. DOS '46 rûn ferfolgens út nei in romme oerwinning.

Trefwurden: 
kuorbal De Hoeve
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)