ONS Boso Snits mei 2-0 ûnderút tsjin IJsselmeervogels

05 sep 2015 - 17:04
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS Boso Snits ferlear sneon mei 2-0 fan IJsselmeervogels. Yn Spakenburg kamen de Snitsers al nei 4 minuten spyljen op efterstân. By ONS kaam it gefaar fan Yumé Ramos en Curty Gonzales, mar beiden slaggen der net te skoaren. Op slach fan rêst gong in kopbal fan Chris de Wagt krekt oer.

Op jacht nei de lykmakker krige de ploech fan trainer Richard Karrenbelt it lid op 'e noas en kaam IJsselmeervogels yn de 64e minút op 2-0. ONS krige noch knappe kânsen mar slagge der net yn wat werom te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)