Domino's Pizza sammelet guod yn foar flechtlingen Calais

05 sep 2015 - 14:25

Domino's Pizza yn Ljouwert, Snits en It Hearrenfean sammelje dit wykein guod yn foar de flechtlingen yn it Frânske Calais. Sneon en snein kinne minsken oant 02.00 oere nachts klean, toiletguod, iten en oar guod bringe. Meiwurkers fan de pizzeria fernamen dat in soad minsken dy't wat foar flechtlingen betsjutte wolle, oanrinne tsjin de iepeningstiden fan de ynsammelpunten. Der binne ek in soad stêden en lytse doarpen dy't noch gjin ynsammelpunten hawwe. Dêrom is Domino's Pizza's mei dizze aksje begûn.

It guod wurdt moandei nei Frankryk brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)