Soad positive reaksjes op #wijzijngastvrij

05 sep 2015 - 13:19
  • Syryske flechtlingen op it Grykse fakânsje-eilân Lesbos

Der komme in soad reaksjes op de aksje '#Wijzijngastvrij', fan de gemeenteriedsfraksje fan de CU Smellingerlân. Mear as 160 partikulieren, tsjerken en oare organisaasjes ha reagearre fia Facebook en twitter. It earste doel fan de aksje is om in statement te meitsjen, fanwege it grutte flechtlingeprobleem. No't bliken docht dat der in soad minsken yn Fryslân binne, dy't wat dwaan wolle, bygelyks in flechtling opnimme yn eigen hûs, krijt de aksje in ferfolch. De CU makket no in webside, dêr't de minsken oanjaan kinne wat se krekt wolle.

Mei help fan de gemeente, tsjerken en oare organisaasjes lykas it COA wurdt dan ûndersocht wat mooglik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)