Duo by De Skâns pakt nei achterfolging

05 sep 2015 - 11:41

De plysje hat fannacht nei in achterfolging in 29-jierrige man út Kollumerlân en in en 25-jierrige man út Twizelerheide yn de boeien slein. De plysje krige in melding dat der yn Damwâld fanút in auto mei in pistoal drige wie. De auto waard even letter yn Dokkum sjoen, de bestjoerder negearde lykwols it befel om stil te hâlden, wêrnei't de achterfolging ynsetten waard. Dy einige op De Skâns dêr't de bestjoerder him klemried.

Underweis smieten de ynsittenden papierkes mei mooglik drugs ta it rút út. Yn de auto waard in pistoal fûn.

Ek waard dúdlik dat de bestjoerder tefolle dronken hie. De plysje ûndersiket de bedriging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)