Oanbesteging helikopterferfier kin toch begjinne

05 sep 2015 - 11:02

It koart pleit dat it Belgyske helikopterbedriuw Heliventure oanspand hie tsjin de regionale ambulânsesoarch Fryslân giet net troch. It is neffens wurdfierder Jouke Wijnalda fan de RAV net dúdlik wêrom't de Belgen it koart pleit ynlutsen hawwe. RAV-Fryslân is ferantwurdlik foar it ambulânseferfier nei de waadeilannen en siket hjrfoar in helikopterbedriuw.

De oanbesteging fan dit ferfier waard wûn troch de ANWB. Dit waard oanfochten troch it Belgyske Heliventure en dy waard troch de rjochter yn it gelyk steld.

De RAV hie lykwols gjin fertrouwen yn de Belgen en komt no mei in nije oanbesteging. Hjir wiene de Belgen it net mei iens en sy spanden in koart pleit oan. Dat soe tiisdei tsjinje, mar is no dus fan de baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)