Helptsjinsten fine lege auto yn sleat by Idaerd

05 sep 2015 - 10:37

Plysje, brânwacht en ambulânse binne sneontemoarn oproppen foar in auto dy't yn it wetter lei oan de Hoflânswei by Idaerd. De auto lei skeef yn de sleat, mar doe't de helptsjinsten kamen, wie der net ien yn of by de auto. De brânwacht hat de sleat trochsocht, mar net ien fûn. It fermoeden is dat de bestjoerder sels út de auto komme koe, en dat hy of sy dêrnei nei hûs gongen is.

De plysje hat yntusken it kenteken neilutsen en wit fan wa't de auto is. In bergingsbedriuw sil de auto fuorthelje.

Trefwurden: 
Idaerd ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)