Auto's botse yn Ljouwert troch glêde dyk

05 sep 2015 - 10:22
  • De auto rekke swier skansearre

Wetter op de dyk hat sneontemoarn foar in ûngelok soarge op de krusing fan de Planetenlaan en de Anne Vondelingwei, by yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert. In man út Wjelsryp soe fan de Planetenlaan ôf de Anne Vondelingwei opride, mar glide fuort mei syn auto. Hy rekke dêrby de auto neist him, dy't bestjoerd waard troch in frou út De Westereen. Sy rekke licht ferwûne troch glês yn de auto. Har auto sels rekke swier skansearre en moast fuortsleept wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)