Opgravings by Skettens stillein fanwege reinwetter

04 sep 2015 - 17:48

It minne waar hat der foar soarge dat de opgravings by Skettens freed stilset binne. De putten dêr't yn groeven wurdt rûnen fol wetter wêrtroch it dreech wurkjen is foar de archeologen. Yn opdracht fan de provinsje Fryslân en de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt sûnt begjin augustus troch it Grinzer ynstitút foar archeology ûndersyk dien nei saneamde 'terpzolen'.

Ien fan de bysûndere ûntdekkingen is in kûle mei ferbaarnde bonken en in pot út de 6e ieu.

It is noch net dúdlik oft de bonken dy't fûn binne minsklike bonken binne. Earder waarden op it plak wêr't no groeven wurdt in brûnzen hynderke fûn en in fibula út de midsieuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)