500 meldings foar ûnfeilige ferkearssituaasjes yn Fryslân

04 sep 2015 - 16:28

By Meldpunt Feilich Ferkear fan Veilig Verkeer Nederlân binne it ôfrûne healjier út Fryslân goed 500 meldings binnenkaam fan ûnfeilige ferkearssituaasjes. De measte meldings kamen fan ynwenners út Ljouwert, It Hearrenfean en Súdwest-Fryslân. Der waard it meast klage oer autoriders dy't te hurd troch de wenwyk ride.

Veilig Verkeer besiket mei help fan kleiende buertbewenners strjitten en buerten ferkearsfeiliger te meitsjen. Nei't in melding dien is krijt in melder in pakket tastjoerd. Dêryn sitte ûnder oare 30 kilometer stickers by.

Dy kinne dan yn de buert útdield wurde. Ek kinne bewenners stipe krije by it organisearjen fan ferkearsfeilichheidaksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)