Wurkjouwers yn de metaal net bliid mei 24-oers staking

04 sep 2015 - 12:59

Metaalbedriuwen yn Fryslân fine it spitich dat de fakbûnen fierder gean mei stakingen. Yn Fryslân wurdt sûnt freedtemoarn foar 24 oeren staakt. Neffens de fakbûnen dogge der goed tûzen metaalwurkers oan mei. Wurkjouwersorganisaasje FME neamt de aksjes skealik en ûnbegryplik.

Neffens de wurkjouwers leit der in goed einbod en wolle se dêroer prate mei de bûnen. FNV en CNV bliuwe striden foar mear leansferheging en sizzenskip oer wurktiden. By it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean skreaunen har freedtemoarn goed 650 metaalstakers yn.

Sy wurkje ûnder oaren by VDL Bus op It Hearrenfean en Polem op De Lemmer.

Trefwurden: 
wurkjouwers metaal aksje CAO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)