Nije plysje-aksjes: foarkomme dat CJIB boetes ynbarre kin

04 sep 2015 - 12:41

De plysje makket it fan woansdei ôf ûnmooglik foar it CJIB, it Centraal Justitieel Incasso Bureau, om in part fan de ferkearsboetes yn te barren. Plysjes fiere aksje foar in bettere CAO. De fakbûnen tinke dat de aksje de oerheid 500.000 euro deis kostje sil. De plysje beheart de server dy't de prosessen-ferbaal ferwurket.

Troch dy server plat te lizzen, kin de plysje foarkomme dat it CJIB boetes ynkassearret. Fan woansdei ôf wurde boetes dy't oplein wurde foar oertredings oant en mei 20 kilometer yn de oere te hurd riden, net mear ynbard.

Dat jildt ek foar oertredings dy't in boete opsmyt fan 200 euro of leger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)