Pratende ôffalbak tsjin swalkôffal yn Dokkum

04 sep 2015 - 11:11

Yn Dokkum stiet in pratende ôffalbak. Dy jout minsken in komplimint as se wat fuortgoaie. 'Goed dien", 'Dankewol', 'Hopla', 'Sa moat it' binne de teksten. Ynsprutsen troch wethâlder Pytsje de Graaf en berneboargemaster Amy Hanemaaijer.

Amy hat as spearpunt dat se wat dwaan wol oan it swalkôffal. Neffens wethâlder Pytsje de Graaf slút dit projekt dêr moai op oan. De ôffalbak wurdt dit wykein foar it earst brûkt by de admiraliteitsdagen.

De earste reaksje binne neffens de wethâlder posityf. "Minsken sykje yn de bûsen wat se noch fuortgoaie kinne". De bak sil yn de takomst ek by oare eveniminten brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)