Kollum: "Selfie"

04 sep 2015 - 09:00

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

"Ha jo wol ris in selfie makke? Jo witte wol, jo rjochtsje ûngesjeneard de kamera fan in smartphone op josels en klik! It resultaat is meastal in plaatsje fan de eigen holle. Dêrnei wurdt it plaatsje in bytsje opkrikt mei in moai filterke en dielt op social media. It skynt dat minsken harsels it leafst fan de linkerkant fan it gesicht ôf fotografearje, da's de bettere kant. En famkes meitsje der sa no en dan ek noch in 'duckface' by. Dan wurde de lippen derby tute. Der binne yntusken tal fan fariaasjes op de selfie. Hjir folget in blomlêzing.

De brilfie. Dat is een selfie fan it bebrilde gesicht. De kanselfie. Da's in selfie fan in dumny op de kansel. De bilfie. Dat is in foto fan it achterwurk plus in selfie.
Juster seach ik in bysûndere fariant: op in lêzing dêr't it gong oer selfies seach ik in fotootsje fan in frou dy't in foto mei har tillefoan makke fan har fagina. In felfie dus.
Ik ha noch wat fariaasjes betocht. De smelfie. Foar as je sitte te stjonken op de wc. En de 'frelfie'. In selfie mei de Fryske flagge om de holle knope.
Ik fyn selfies fassinearjend. Is it in trend wêr't Narcissus, de figuer út de Grykske mytology dy't fereale wie op himsels, in puntsje oan sûgje kin? Is it keunst? Is it ekstreme idelheid? Is it foer foar psychologen? Ik wit it net sa goed.

In tiidsje lyn siet ik op in terraske en seach ik in jonge, bêst wol knappe man fan myn leeftiid in bierke drinken en op syn tillefoan sjen. Ynienen draaide er syn tillefoan omheech, krekt boppe syn gesicht en klik, hy makke in selfie. Hy wie hiel serieus. Hy tute noch krekt net syn lippen. Mar hy luts dochs seker wol in bepaald strak gesicht. Hy makke in soarte fan moai objekt fan himsels.

Ik wie eins wat ferbouwerearre. Ik wist wol dat in protte pubers selfies by't libben meitsje. By alles wat se dogge nimme se in poaze yn, de kamera giet nei it gesicht en klik. In dochter fan freonen bygelyks, dy't krekt nei de hegere skoalle giet, set hast eltse dei in selfie op Instagram, de foto-app, en as se mar 50 likes hat, dan hellet se de foto der wer ôf.
Mar manlju fan yn de tritich? Goh, dat is nij foar my. Ik fûn it yn elts gefal best in ôfknapper. As ik in man socht en ik betrape him op in selfie, dan wit ik it noch net. Letter seach ik it nochris. Twa leuke hippe fjirtigers dy't yn in netsjes pak yn de sinne sieten. Dêr kaam de smartphone. Ien fan de mannen posearde foar syn tillefoan. Sûnder sjêne. De oare fûn it absolút gewoan. Wêr soe hy it plaatsje opset ha? Op Frinder?
It is trouwens net allinich foar ego's. Ek paus Fransiscus hat wolris foar in smartphone posearre, mei folgelingen. Mar goed, dan kinne we teminsten noch sprekke fan in 'saampie'.

Juster siet ik foar myn wurk by in jierlikse Rutgers lêzing oer it selfie-tiidrek. Op de fraach wa't wolris in selfie makke hie, stuts de helte fan de folle saal de hân omheech. Allegear folwoeksenen. Hie ik net ferwachte.
Professor dr. Liesbeth Woertman warskôge dat selfies ynfloed ha kinne op je sekslibben. No, dat wie nij foar my.
Troch it selfie-tiidrek sjogge we mear en mear nei bylden fan minsken en omdat we dan safolle yn de holle ha, reitsje we elkoar úteinlik minder oan. Dat is sis mar de koarte fersy fan har ferhaal. Mar oanreitsjen, dat is wat in minsk nedich hat. Dêr libje we fan op.

Dus blinder. Neist al die brilfies, smelfies, bilfies, felfies en selfies: reitsje elkoar foaral in protte oan. In plaatsje is mar in plaatsje. Dêr sit gjin waarmte oan. Wat mear de earms om elkoar hinne. Dat ha we sawiesa wol nedich. It wurdt ek alwer kâlder."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)