Besikers Leipfestival krije reek binnen by brantsje

04 sep 2015 - 07:29

By it Leipfestival foar studinten op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert, hawwe tongersdeitejûn meardere minsken reek binnenkrigen by in brantsje. In stik plestik beklaaiïng fan it haadpoadium rekke yn 'e brân troch flammewerpers.

Befeiligers en meiwurkers fan it feest hawwe it fjoer útmakke mei poeierblussers. Meardere studinten krigen reek binnen. Fjouwer fan har binne mei de ambulânse nei it MCL brocht. De brânwacht hat it poadium noch kontrolearre mei waarmtebyldkamera's.

It doek wie yn it foar ek noch troch de brânwacht kontrolearre en testen. Der binne meunsters naam fan it doek om út te finen hoe't it dochs yn brân fleane koe. It Leipfestival is nei it ynsidint wer fierder gien. It waard om alve oere ôfsletten mei fjoerwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)