650 meiwurkers fan grut oantal metaalbedriuwen yn staking

04 sep 2015 - 07:13

Goed 650 meiwurkers fan in grut oantal metaalbedriuwen yn it suden fan Fryslân lizze freed it wurk del. It giet bygelyks om de fytsefabriken fan Batavus, Accel en Koga op It Hearrenfean, busbouwer VDL op It Hearrenfean, skipswerf Barkmeijer yn Strobos en silobouwer Polem op De Lemmer.

De staking is in ferfolch op aksjes foar de simmerfakânsje. De fakbûnen en meiwurkers stride foar in nije CAO. Neffens de bûnen binne yn it CAO-bod tefolle rjochten fuorthelle. Ek is it leanbod te leech.

De ynskriuwing fan de stakers is yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)