Undersyk nei oarsaken fallisemint sikehûs De Sionsberg

03 sep 2015 - 22:27
  • Sikehûs Sionsberg yn Dokkum

De aksjegroep Red De Sionsberg hat oerlis hân mei amtners fan de ministearje fan folkssûnens oer it fallisemint fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Op fersyk fan de Twadde Keamer docht it ministearje ûndersyk nei de oarsaken fan it fallissemint.

De aksjegroep hat yn it petear sein dat sawol de rieden fan tafersjoch fan de Sionsberg en Nije Smellinghe yn Drachten, soarchfersekerder De Friesland, mar ek de polityk net genôch foar it sikehûs dien hawwe.

Fierder hoopje de minksen fan Red De Sionsberg dat it Dokkumer sikehûs, dat yntusken in trochstart makke hat, yn oanmerking komt foar de saneamde beskikberheidstaslach. Fergelykbere sikehuzen krigen dat ek. It giet dan om in bedrach fan 5 miljoen euro. Dêrfoar moat dan wol de medyske spoedopfang wer iepen. De aksjegroep ferwachtet dat dit op koarte termyn barre sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)