Minder kâns op astma by bern op pleats mei kij en geiten

03 sep 2015 - 21:39

Bern dy't opgroeie op in pleats mei kij of geiten, hawwe folle minder kâns op astma en allergyen as bern dy't yn de stêd opgroeie. Dat hat bliken dien út ûndersyk fan fjirtjin wittenskippers út Nederlân en België. En sy hawwe ek de reden dêrfan fûn: De stof dy't frijkomt op in pleats soarget derfoar dat it lichem it aaiwyt A20 oanmakket. En dat soarget der wer foar dat it lichem minder lêst hat astma en allergyen.

De ûndersikers skriuwe wol dat it effekt benammen fûn is op pleatsen mei kij en geiten. By bargen is it effekt folle minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)