Rêdingsbrigade De Lemmer krijt 20.000 euro fan gemeente

03 sep 2015 - 18:42

De rêdingsbrigade fan De Lemmer krijt hast 20.000 euro fan gemeente De Fryske Marren as kompensaasje foar de sloop fan it klupgebou. Leden fan de rêdingsbrigade hawwe dêr de ôfrûne moannen aksje foar fierd. Nei de sloop fan it klupgebou soe de eardere gemeente Lemsterlân mei in oplossing komme, mar dy is yn de nije gemeente De Fryske Marren tusken wâl en skip bedarre.

Dêrtroch sit de brigade no by it swimbad yn, mar de hier fan dizze romte is eins te heech. Dêrom komt de gemeente de Lemster rêders no yn 'e mjitte mei in fergoeding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)