Yn Skoatterwâld betrape autodief oppakt yn Soesterberg

03 sep 2015 - 18:25

In man dy't tongersdei besocht om in auto te stellen op It Hearrenfean is letter op de dei yn Soesterberg oppakt. De man waard yn de wyk Skoatterwâld trappearre troch in tsjûge. Dy belle de plysje. De man naaide út, mar de tsjûge hie it kenteken fan de auto opskreaun.

De plysje joech de ynformaasje troch oan oare korpsen. De plysje fan Soesterberg seach de man riden en koe him oppakke. De auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)