Flylân en Skylge begjinne mei gaste-ûndersyk

03 sep 2015 - 17:24
  • De fjoertoer fan Flylân
  • De haven fan Skylge

Flylân en Skylge wolle graach witte watfoar minsken as toerist nei de eilannen komme. Se wolle witte wat de gasten dien ha, wat se der fan fûnen en oft se ek wat mist ha. Beide gemeenten begjinne dêrom freed mei in kontinu gaste-ûndersyk. Minsken dy't mei de fearboat reizge ha, krije fan Doeksen in mail mei in fragelist. Ek gasten fan de havens wurdt frege om mei it ûndersyk mei te dwaan.

Mei de útkomsten wolle de eilannen de foarsjennings foar toeristen op peil hâlde of ferbetterje, as dat nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)