Minder jachten en sylboaten troch Fryske brêgen

03 sep 2015 - 15:14
  • Brêge yn Balk iepene troch frijwillige brêgewipper

It wie minder drok mei jachtjes en sylboaten by de Fryske brêgen dizze simmer. Ut tellings fan de provinsje docht no bliken dat der in trijetûzen minder boatsjes troch de brêgen woene. Dit jier wiene dat der hast 114.00. Ferline jier yn deselde periode goed 116.500.

De ferklearring moat socht wurde yn de ekonomyske krisis. Minsken hiere faker in lytsere boat. Ek bliuwe se mear en langer op ien plak lizzen, tinkt provinsjale wettersteat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)