FNP: "Utspraak weardefermindering jildt ek foar Fryslân"

03 sep 2015 - 15:01

De útspraak fan de rjochter oer weardefermindering fan huzen fanwege ierdbevingsskea, kin ek gefolgen ha foar húseigners mei skea troch gas- of sâltwinning. Dat tinkt de FNP yn provinsjale steaten. De fraksje wol dêrom dat deputearre Schrier útsiket oft it fonnis juridysk ek trochlutsen wurde kin nei oare foarmen fan boaiemsakjen.

Fan gas- en sâltwinning hawwe minsken ek skea oan har hûs en dat hat ek negative ynfloed op de wearde, sa seit de FNP. De partij wol dêrom witte wat de konsekwinsjes fan de útspraak binne foar Fryslân.

Ek hjir hawwe frijwat minsken skea oan de huzen troch gas- of sâltwinning, sa skriuwt de FNP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)