Soccerdome ferliest koart pleit en mei net iepen

03 sep 2015 - 14:46

Soccerdome op It Hearrenfean hat it koart pleit tsjin de gemeente Hearrenfean ferlern. It oerkape fuotbalpark mei op it stuit net iepen en woe dat dêrom by de rjochter ôftwinge. Mar de rjochter sjocht dêr gjin needsaak foar. Soccerdome sit yn in âld bedriuwsgebou op in yndustryterrein. De gemeente Hearrenfean is hjir net gelokkich mei, mar moast fanwege proseduereflaters wol in fergunning ôfjaan.

Sportstêd Hearrenfean focht dat oan en sadwaande mei it sintrum dochs net iepen. Sportstêd seit benaud te wêzen foar konkurrinsje.

Wol hat Sportstêd ferline wike op de sitting by de rjochtbank oanjûn wol gearwurkje te wollen mei Soccerdome. Oft dy dat ek sitten sjocht, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)