Fryske Film 11daagse as earbetoan oan Rense Westra

03 sep 2015 - 14:37

Foar it earst sille de Fryske bioskopen in Fryske Film 11daagse organisearje. Fan 11 oant 21 septimber wurde yn de bioskopen yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten alve dagen lang Fryske films toand. Foar de earste edysje is keazen om in earbetoan te bringen oan de ferstoarne akteur Rense Westra. Hy is ûndere oare te sjen yn de films De Fûke, De Schippers van de Kameleon, De Gouden Swipe en Snuf de Hond.

Boppedat is der in Frysk filmprogramma gearstald mei âlde Fryske films, dy't op 'e nij toand wurde sille.

Sa hoopje de bioskopen ek in âlder publyk wer nei de seal te krijen. De Fryske Film 11daagse is in inisjatyf fan Tivoli en Cinema Ljouwert, De Bios op It Hearrenfean, De Bios yn Drachten en CineSneek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)