Opsterlân wol sletten doarpsskoallen ferkeapje

03 sep 2015 - 13:28

De gemeente Opsterlân ferkeapet de eardere kristlike skoallen fan Fryske Peallen en Sigerswâld. De skoalgebouwen út de jierren '20 steane op Funda. De ferkeap is diel fan it plan om in tal gemeentlike gebouwen ôf te stjitten om sa op ûnderhâld te besparjen. Ek it monumintale 'Huize Bordena' oan de Haadstrjitte fan Beetstersweach komt yn de ferkeap, en de útkyktoer fan Bakkefean.

De gemeente Opsterlân hopet dat de skoalgebouwen elts sa'n 2 ton opbringe. De skoallen wurde ferkocht by ynskriuwing. De heechste bieder mei it keapje.

De doarpsskoallen meie brûkt wurde as wenhûs, as bedriuwspân mei in maatskiplik doel, of foar de kombinaasje wenje en wurkje. Op 3 oktober is der in sjochdei en kinne de gebouwen fan binnen besjoen wurde. Op 13 novimber einiget de ynskriuwing. De skoallen steane al in pear jier leech. De 'School met den Bijbel' yn Sigerswâld is twa jier lyn sletten. Skoalle 'Rehoboth' yn Fryske Peallen is mei it iepenbier ûnderwiis opgien yn ien brede skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)