Te keap oanbean: 23 meter hege útkyktoer Bakkefean

03 sep 2015 - 12:08

De útkyktoer fan Bakkefean komt te keap. De gemeente Opsterlân set de Belvédère yn de ferkeap, omdat it ûnderhâld fan de toer tefolle jild kostet. Fierders fynt Opsterlân it net in gebou dat perfoarst yn gemeentlik eigendom bliuwe moat. Wat de 23 meter hege útkyktoer kostje moat, is net bekend. De gemeente siket in nije eigener, dy't wat moais dwaan wol mei de útkyktoer.

Inisjatyfnimmer en projektûntwikkeler fan de Belvédère wie Evert Wilstra, eigener fan it doalhofpark Dúndelle. De earste peal waard yn 2004 slein troch de doetiidse boargemaster fan Opsterlân, Sicko Heldoorn. De toer hat mei-inoar sa'n 153.000 euro koste, mei bydragen fan de gemeente Opsterlân, plattelânssubsydzjes fan ûnder oare de provinsje Fryslân en in bydrage fan it Fryske Gea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)