Belutsenen wolle neier ûndersyk helberens Holwert oan See

03 sep 2015 - 11:33

Der komt in neier ûndersyk nei de helberens fan it projekt Holwert oan See. Dat hawwe de ferskate oerheden en de Stichting Holwerd aan Zee mei elkoar ôfpraat. Holwert oan See moat goed 180 miljoen euro kostje. Doel is om it doarp wer mei de Waadsee te ferbinen om it sa toeristysker te meitsjen.

De provinsje, Rykswettersteat, it Wetterskip, de gemeente Dongeradiel en it ministearje fan ekonomyske saken fine it posityf dat Holwerters sels mei de plannen kaam binne. Wol fine se dat in oantal saken noch ûndudlik is.

Om Holwert oan See mooglik te meitsjen moat der in trochgong yn de seedyk makke wurde en moat der in mar oanlein wurde. Dêryn kin wetter opfongen wurde om de fargeul nei It Amelân skjin te spielen as dy ticht driget te reitsjen. De plannen moatte in grutte ekonomyske stimulâns jaan oan de krimpregio Noardeast-Fryslân.

Deputearre Johannes Kramer seit dat it ûndersyk fan Rykswettersteat nei de ynfloed fan it projekt op de djipte fan de fargeul nei It Amelân ein 2016 klear wêze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)