Oplade fan mobyltsje is no ek mooglik mei nije solar jas

03 sep 2015 - 10:54
  • De solarparka
  • De solarparka

Op it Into The Great Wide Open festival dit wykein op Flylân sil in bysûndere útfining te sjen wêze: De Solar Parka. It giet om in solarjas, ûntwikkele troch de Waadferiening dy't dit jier har 50-jierrich jubileum fiert. Mei de jas kin bygelyks in smartphone opladen wurde. Mei in sinnepaniel dy't yn de jas ferwurke is, kin binnen twa oere genôch enerzjy opwekt wurde om in batterij fan in mobyltsje op te laden.

De Waadferiening wol mei de jas in oplossing biede foar it grutte probleem mei lege mobile tillefoans op festivals.

By it festival wurdt begûn mei de feiling fan fjouwer prototypen. Mode-ûntwerpster Pauline van Dongen hat de jas ûntwikkele. Neffens har binne de sinnesellen ferwurke yn tinne folys dy't yn de jas sitte. Van Dongen makke earder al jurken dy't sinne-enerzjy opwekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)