65e Allegoaryske optocht yn Sint-Nyk

03 sep 2015 - 08:48

Yn Sint-Nyk wurdt tongersdei foar de 65e kear de allegoaryske optocht holden. Dit jier binne der alve grutte weinen en acht lytse. Dy lytse weinen binne troch de jeugd fan it doarp boud.

De allegoaryske optocht is it grutste praalweinevenemint fan Noard-Nederlân. De weinen binne net allinnich moarns, mar ek jûns te besjen. Tongersdeitejûn gean de ljochten op de weinen oan. Beide kearen is de optocht te folgjen fia in live-stream op www.allegorischeoptocht.nl. Oan de optocht dogge ferskate muzykkorpsen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)