ONS fierder yn KNVB beker, FC Utrecht de nije tsjinstanner

02 sep 2015 - 21:20

ONS Boso Snits hat woansdeitejûn de bekerwedstriid tsjin Vlissingen úteinlik mei 3-2 wûn en mei it no yn de folgjende ronde opnimme tsjin FC Utrecht. De wedstriid moast ferline wike woansdei staakt wurde fanwege it minne waar, it lêste healoere waard no útspile. Yn de 19e minút skoarde Chris de Wagt de lykmakker (2-2), dat wie ek de einstân. Dêrnei de ferlinging mei twa kear in kertier.

Dyselde Chris de Wagt soarge yn it earste kertier foar de 3-2 foarsprong foar ONS, hy kopte de de hoekskop fan Martijn Roosenburg achter de keeper.

De wedstriid tsjin FC Utrecht wurdt op tiisdeitejûn 22 septimber spile op it Sudersportpark yn Snits. Dan komme ek de beide Fryske betelle fuotbalklups yn aksje. SC Hearrenfean moat op besite by NAC Breda, SC Cambuur reizget nei Eindhoven foar de wedstriid tsjin PSV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)