Gemeente wol minsken helpe lokkiger te wurden

02 sep 2015 - 20:27

De gemeente Súdwest-Fryslân wol minsken helpe lokkiger te wurden. Dêrfoar wurdt earst in proef dien mei tritich persoanen dy't selektearre binne. It giet om minsken dy't har iensum fiele, sûnensproblemen hawwe en dy't net folle jild om hannen hawwe. Sy krije persoanlike begelieding. De coach besjocht mei harren wat se dwaan kinne: in kursus skriuwen, frijwilligerswurk of sport. Se krije ek wat jild, as dat nedich is.

It geloksprojekt hat de namme 'Op syn paad' meikrige. Ynwenners fan Littenseradiel kinne ek meidwaan.

Trefwurden: 
gelok lok gemeente op dyn paad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)