Provinsje wol gjin fytstunnel by Surhuzum

02 sep 2015 - 19:30
  • Surhuzum

De provinsje stelt gjin jild beskikber foar in fytstunneltsje by Surhuzum. De pleatslike aksjegroep 'Tunnelvariant, veiligheid garant' hie om in tunnel ûnder de provinsjale Uterwei (N358) troch frege. Foar skoalbern dy't fan en nei de Surhuzumer Mieden fytse, soe dat in feilige oerstek wêze. In protte bern wurde no mei de auto nei skoalle ta brocht, omdat it te gefaarlik is om de Uterwei oer te stekken.

Deputearre steaten fine in tunnel te djoer foar it tal minsken dat der brûk fan makket. Der komt no in ovale rotonde mei fytsstroken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)