Begraafplak yn Burdaard: tenei ek urnen

02 sep 2015 - 18:26

Op it algemiene begraafplak fan Burdaard kin tenei net allinnich begroeven wurde, der kinne ek urnen byset wurde. It plak dêrfoar is in saneamd 'columbarium'. Op in nij stik fan it begraafplak kinne foarearst tweintich urnen stean. De totale kosten foar it urneplak binne 11.000 euro.

De fraach nei de mooglikheid foar it bysetten fan urnen kaam oan de oarder by de jiergearkomst fan de pleatslike begraffenisferiening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)