Festivalgongers Flylân sykje manmachtich hotel op

02 sep 2015 - 18:23
  • Into The Great Wide Open

De hotels op Flylân wurde platbelle troch minsken dy't foar dit kommend wykein in keamer sykje. In grut part fan de besikers fan it festival Into the Great Wide Open soe kampeare, mar omdat de waarberjochten min binne, wolle se no leaver yn in hotel.

Minsken dy't it kampearplak ôfsizze wolle, hawwe ek in probleem, want kemping Stortemelk is sûnt moandeitejûn telefoanysk ûnberikber, omdat dêr de wjerljocht ynslein is. Dêrby rekke gjinien ferwûne. Op Marktplaats wurde al in soad kaarten foar it festival te keap oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)