Kânskaart foar minsken mei in útkearing

02 sep 2015 - 18:00

Minsken mei in útkearing yn Boerum, Muntsjesyl en Warfstermûne krije dizze moanne tips om oan ekstra jild te kommen. It inisjatyf dêrfoar komt fan de diakony fan de protestanske tsjerke.

In protte minsken witte net hokker regelings oft der binne foar minsken mei in leech ynkommen. Dêrfoar is in saneamde 'kânskaart' makke mei in oersjoch fan dy regelingen. Alle bewenners krije de kânskaart fan 14 septimber ôf yn de bus. Foar de aksje is stipe socht by de Sociale Alliantie Fryslân en gearwurkingsferbân FSU foar minsken mei in útkearing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)