Fytsende frou oanriden op Troelstrawei yn Ljouwert

02 sep 2015 - 16:33

In frou op de fyts is woandeitemiddei ferwûne rekke yn Ljouwert. Se fytste tegearre mei in man oer de Troelstrawei yn de rjochting fan Stiens. By de fleanbasis waard se oanriden troch in auto dy't fan dyselde Troelstrawei rjochtsôf de Fjouwerhústerwei opdraaide.

De frou is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De man dy't mei har fytste, kaam der sûnder ferwûnings fan ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)