Bestjoerster nei goed wurden, auto de boskjes yn

02 sep 2015 - 15:58

Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert is woansdeitemiddei in auto tsjin in peal oan botst en de boskjes ynstood. De bestjoerster, in âldere frou, wie net goed wurden. Se is troch ambulânsepersoniel ûndersocht, mar se hie gjin ferwûnings. De plysje hat de frou nei hûs tabrocht.

It ûngelok barde op it stik dyk tusken finzenis De Marwei en de Greunsbrêge. De auto kaam stil te stean troch in beam dy't heal oer it fytspaad njonken de wei foel.

Trefwurden: 
ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)