Brân by Agricompost Wâlterswâld feroarsake troch sloopwurk

02 sep 2015 - 15:34

De útslaande brân dy't woansdeitemoarn by dongferwurkings- en kompostearringsbedriuw Agricompost yn Wâlterswâld ûntstie, is feroarsake by de ynstallaasje fan in nij luchtfiltersysteem. Dat seit direkteur Jan Scherff fan Agricompost. By it fuortheljen fan it âlde systeem is fjoer op in bulte ôffalplestik fallen dy't yn 'e brân fleach.

Meiwurkers hawwe earst besocht it fjoer sels út te meitsjen oant de brânwacht kaam. De skea yn de produksjeloads wurdt rûsd op trije ton.

De brân hat gjin gefolgen foar klanten fan it bedriuw. De produksje kin gewoan trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)